Omke Edward is gefaarlik

Edward Broekaart is fabrikant yn ûnderguod en docht alle war om in miljoen slipkes oan it leger te sliten. Der is haast by de transaksje, mar de húsfeint, net op'e hichte mei Edward syn saken, sâltet de boekhâlder ôf, omdat er fan betinken is dat syn baas yn alle rêst syn moarnsbrochje ite moatte kin. Edward, dochs al min te sprekken omt syn frou mei in fikse kater op bêd leit, wurdt no alhiel gysten. As er dan ek noch in brief mei in pikante ynhâld yn har taske fynt, is er breinroer. Mar hy moat fuort. Dan docht bliken dat Anne Marie de jûns tefoaren oan'e jui west hat mei in hege ome fan it leger. Dat is, hoe kin't ek oars, de kolonel dy't oer de slipkes giet. It wurdt in spektakel fan komsa, mar oan'e ein fan't stik komt elk aardich oan syn/har trekken. Tige geskikt foar in fleurige jûn.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): MUYLAERT, Fred
Titel: Omke Edward is gefaarlik
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Oom Edward is gevaarlijk
Ynfierdatum: 1998-05-27
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4