Ooooh….Ketryn..!!

Chris en Bine binne útein set mei in útstjoerburo, mar de saken wolle noch net fleanend. As Chris yn Ingelân kontakten siket, komt Bine har pake op besite. Hy hat foar de ferdivedaasje in bedriuw, mar koe dêr troch sykte in skoft net komme. Syn sekretaresse, Ketryn, besocht de boel geande te hâlden mar driget der ûndertroch te gean. Pake wol no Bine en har suster Anke as direksje yn it bedriuw sette. De froulju wolle net samar nei pake's piipen dûnsje en beslute as útstjoerkrêften earst mar de kat út'e beam te sjen. Ketryn kriget sawat in oerhaal, as hja fernimt dat Pake in nije direksje boppe har sette wol. Bine ûntfermet har oer Ketryn, mar dan blykt, dat dy de mem is fan har man Chris, dy't hja mei rûzje de doar wiisd hat. Lokkich komt alles wer goed.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CALSBEEK, Jan
Titel: Ooooh....Ketryn..!!
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 1999
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2000-03-20
Dekor: twa dekors, 2 kantoaren
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6