Op bleate fuotten

It stik spilet him ôf op in tige himpene behuzinge op 'e souderferdjipping fan in âld hearehûs in New York City, dêr't twa pas troude jongelju har nei wenjen sette. Wenjen kin 't noch amper neamd wurde, want de meubels moatte noch komme, de koffers mei spullen steane noch yn 't hûndert om en Corie, de jonge frou, is noch mar justjes ree mei keamer-fervjen. En al hoe hean en sutrich as 't fierder ek lykje mei, se set mei ynmoed út ein en sjucht mei langstme út nei de komst fan har Paul. Mar dat wurdt al daliks in rare ôffaller; net allinne syn kommentaar is frijwat lau, mar boppedat moat er fuortdaliks mei in dossier te set foar syn earste pleitsaak by de rjuchtbank - en dat amper sonder sit yn in optrekje sonder ferwaarming. Mar dêr bliuwt it net by: pûstend en hymjend komt Corie har mem al fuortdaliks brân-nijsgjirrich de seis treppen op en se docht neat as bearen oer de fernimstigens fan har dochter as dy har útleit hoe moai 't it allegearre wurde sil. En fuortdêrnei komme se yn 'e kunde mei in frjemdsoartige buorman op jierren, Victor Velasco, dy't graach even fan har sliepkeamer gebrûk meitsje wol om sa yn syn eigen keamer te kommen.... net om 't er syn kaai kwyt is, mar om 't er yn 't kryt stiet mei de hier. De man noeget him sels daliks mar út op besite dan en dan, hy is alderaardichst yn 't oankommen, dat..... no ja, wêrom net. Dat wurdt fansels in moeting mei Paul, dy't foar har allegearre, en benammen foar de mem, net sonder gefolgen bliuwt - mar oars as dat men út dit koarte episteltsje faaks opmeitsje soe. Tragy-komysk soe men it stik neame kinne en fral de ein is sa ferrassend sterk, dat it allinne dêrom al noeget ta lêzen. It freget in hele geve besetting om it ta syn rjocht komme te litten, dat wol!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: Op bleate fuotten
Skreaun yn: 1963
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter: Beintema, Tabe
Oarspr. Titel: Barefoot in the park
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 4