Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen. Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANRYS, Pol
Titel: Op de ferkearde foet
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2022
Te keap: ja
Oersetter: Dykstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Op het verkeerde been
Ynfierdatum: 2022-12-07
Dekor: keamer yn âlde buorkerij op de Alpen
Omfang: 92 siden & Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4