Op pretsje

De wat ferlegen jongfeint Wouter wennet op himsels en hat foar syn jierdei gasten noege. It praat wol net sa bot en dan begjint Wouter mar wat op te skeppen oer syn disko-avontueren, hy swetst sa, dat er himsels begjint te leauwen. Dan fertelt er de froulju, dat er in minne rêch hat en dat er nei in fysioterapeut sil. Dit is in útdaging foar de froulju om him de rêch te massearjen. Wouter rekket der mei oan, hy kin de froulju by lange net de baas. Op't lêst wurdt er lulk en stjoert er de pleagers fuort. Noch iensumer as earst bliuwt Wouter achter mei syn drankjes en hapkes.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HOEKSTRA, Lolkje
Titel: Op pretsje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-12
Dekor: keamer
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 1