Op slach fan seizen

De widdo Treede wurdt troch har trije dochters ûnderholden. It noasket dizze froulju min, dat harren mem der in húshâldster op nei hâldt dy't tige bretaal is. As se dan te witten komme, dat it hâlden en dragen fan harren mem de lêste tiid net troch de mesken kin, stelle se prikken yn 't wurk om de âlde frou yn in tehûs opnimme te litten. Dan komt foar harren de grutte ôfdijer! Mem fertelt dat se harsels wol rêde kin. Se hat in djoer skilderij ferkocht en is de dochters net mear brek. Boppedat hat se by testamint harren folslein ûnterfd. Se koe dat dwaan, om't de froulju har iegen bern net binne. Wa't dan al harren mem is? Wol, de bretale húshâldster, dy't yn 't ferline acht jier finzenisstraf útsitten hat. Moraal: dy't heech sjocht, stjit de teannen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JOHNSON, Philip
Titel: Op slach fan seizen
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1987
Te keap: 0
Oersetter: Visser-Popma, J.P.
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-10
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 0