Opskuor yn de Oase
Agnes, Ineke, Klaas en Marco binne learlingen fan it Ateneum. Omdat der in les útfallen is, ha se in oerke frij en dy tiid bringe se troch yn 'De Oase', in ûntspanningsromte yn de skoalle. Marco sit swier yn 'e problemen. Der stiet foar de middeis in repetysje Frânsk op it programma, dy 't fan ynfloed is op it einrapport. Marco hat gjin tiid hân him ta te rieden op de repetysje en frezet dan ek foar in dikke ûnfoldwaande. Dat sil dan krekt ien te folle wêze om oer te gean nei de eksamenklasse. Agnes, Ineke en Klaas betinke in snoad plan om Marco oan in goed sifer te helpen. Dat draait út op in spannende ûndernimming mei hilaryske gefolgen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POPMA, Froukje |
Titel: | Opskuor yn de Oase |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2014-02-07 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |