Opskuor yn ‘e pastorij

De direksje fan de Ljouwerter Kaugomfabriken hat in haadpriis fan in puzzlewedstriid (10.000 gûne) oan in ienfâldige doarpsdomeny tawiisd, dêr't er by syn witten net oan meidien hat. Alle middels wurde lykwols te baat nommen om fan it útrikken fan 'e priis in reklamestunt fan komsa te meitsjen en it doarp en it fanfare dogge dêr harres ta. Mar domeny hâldt foet by stik: it moat in fersin wêze, en op it hichtepunt fan de huldiging skuort er de chèque foar de mannichte yn twaën. No hat er it net ret: it hiele doarp, ek syn eigen bern, falle him ôf en sels Rikele Boelsma, de tige orthodokse boer, dy't him yvich en altyd dwers sit om de 'leare', sprekt skande oer dit dwaan, dat er útleit as ferset tsjin in woldied fan hegerhân..... De reklame-liedster fan de firma lykwols, dreaun troch har sympathy foar de widner-domeny, kriget begryp foar de sitewaasje en wit mei in nije fynst it betrouwen fan de lju yn har foargonger yn ien klap werom te winnen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LAU, Cees
Titel: Opskuor yn 'e pastorij
Skreaun yn: 195?
Utjoen yn: 1960
Te keap: 1
Oersetter: Beintema, Tabe
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 6