Party mei stress
Yn earsten is dit stik foar toaniel skreaun en ek spile, mar fuort letter is it yn - troch de auteur - bewurke foarm brûkt foar in televyzje-útstjoering. By de oersetting is gebrûk makke fan beide ûnderdielen, sadat nije fynsten bewarre bleauwen en it stik dochs ek geskikt bleau foar toaniel. Mar der binne wol aardich wat 'technyske' helpmiddels noadich om de krekte sitewaasje en sfear op te roppen. Yn 'e flat fan Gavin wurdt in feestje fierd en elkenien klammet him fêst oan it gewoane buorrelpraat, wylst der him bûten sokssawat as in militêre kûp ôfspilet... Yn 'e fierte it lûd fan in helikopter, lûden fan 'e strjitte. Minsken sitte en steane; in bar mei flessen en folle glêzen dêr't elk him sels mei rêde kin.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | PINTER, Harold |
Titel: | Party mei stress |
Skreaun yn: | 1991 |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wijk, Gerda van der |
Oarspr. Titel: | Party-time - Mila Koopman en Els Lust |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 5 |