Poalsk blau
In man docht wittenskiplik ûndersyk nei it gedrach fan guozzen op 'e Noardpoal. Syn frou Aly is ek mei, mar dy hat it dêr eins hielendal net nei 't sin. Se sit meastal yn 'e hutte, wylst Henk foar syn ûndersyk guozzekeutels telle moat. Sa no en dan komt der in nijsgjirrige iisbear del, dy't se Kees neamt; de helikopter dy't foarried bringe moat is har hâldfêst om hjir miskien dochs te ûntsnappen... Want tusken Kenk en Aly is it iis of fjoer en se wurdt hinne en wer slingere tusken oanlûken en ôfstjitten. Mar alle foarnimmens fan Aly om in oare rjochting oan har bestean te jaan - sûnder Henk - fersûpe yn boarterij en fantasy. Wat foar sin hat it om har libben foar in oar op te offerjen? Gjin; mar hoe dan fierder?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MIEDEMA, Baukje |
Titel: | Poalsk blau |
Skreaun yn: | 1995 |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-04-15 |
Dekor: | Noardpoal, hut. |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |