Polly Perkins
Titia Joustra is in jonge widdo, dy't op in reis in âldere man moete hat, dy't fereale op har waard. Dy leafde kaam lykwols fan ien kant. It stik begjint as dy âldere man krekt stoarn is. Titia kriget tiding dat dy man syn fermogen tomakke hat oan in omkesizzer fan him, mei de namme Fred. Dy Fred kin oer it fermogen beskikke op betingst dat er trout mei Titia. As Fred nei in ôfspraak makke te hawwen by Titia op besite komt, is se net thús. It hjit dat se hookstrooks by in sike freondinne roppen is. Sy hat in briefke achterlitten: sy noeget Fred út salang mar by har te útfanhûzjen. Mar Titia is wol thús, se hat har as tsjinstfaam ferklaaid om Fred sa neutraal mooglik te observearjen. Fansels lizze de tsjinstfaam en Fred it meielkoar oan, dat leit yn'e reden, is't net sa... Foar in noflike jûn in kostlik stik.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MURREY, Douglas |
Titel: | Polly Perkins |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1991 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Vries, Willem de |
Oarspr. Titel: | Polly Perkins |
Ynfierdatum: | 1998-05-28 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |