Portret fan pake
Pake Harm is tydlik by de bern: Wolter en Marta, om't er eins net mear allinne wêze kin. Hy fersoarget en fertuteazget, binne se bang, as er noch langer op him sels sil en it âldereinhús fersmyt er fier. Hy is in man dy't alles seit wat him foar de mûle komt en dat is út en troch hiel wat: rûch en primityf as er is - hy wol him net oanpasse oan it hâlden en dragen sa't in boarger-húshâlding freget. Dat jout fansels oanienwei opskuor. Yn dy snuorje komt der ek noch in muoike fan Marta in deimannich útfanhûs. Muoike wol wer in man ha en hat skreaun op in advertinsje, dy't pake yn 'e krante set hat. Under nûmer fansels. Boppedat komt Rommy, de dochter, ek noch thús mei har freon dêr't se as studinte yn Grins mei libbet. Ien en oar jout pake gâns argewaasje en it slagget him om muoike sa bot lilk te meitsjen, dat in trouwerij fan dy twa sit der net yn. En as der dan yn 't lestoan ek noch in telefoantsje komt fan in buorman mei it boadskip dat de âld geit neat oars docht as mekkerjen - fan ûnwennigens, sa wurdt it fansels útlein - dan hoecht er him net langer te betinken en set er ôf.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POSTHUMA, E. |
Titel: | Portret fan pake |
Skreaun yn: | 199? |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-02-01 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |