Prei en prostitúsje
It is Gepke har jierdei, dat se hat in mennich buorlju, Gryt, Maaike en Tryntsje, útnoege foar in kopke kofje-mei-wat-der-by. As Gryt en Maaike der yn kommen binne, beide mei in presintsje en de noadige kommentaren dêrby, giet it al ridlik gau op in rabjen oer Tryntsje, 'dy't ivich en altyd te let komt, har om de húshâlding hielendal net bekroadet en allegeduerigen mar wat omflittert sonder dan men wit wêr't se tahâldt'. Eardat Tryntsje der is, komt Julia der yn, dy't ôfskildere is as in 'hippy út Amsterdam', net folle brets nei 't se sizze, mar Gepke hie ornearre, sokken moasten der ek in bytsje ynhelle wurde. Mar de nij-ynkommene wurdt wakker let en set en dan komt 'dy Tryntsje' wer op 'e tafel en de Mercedes dy't op fêste tiden by har foar de doar stiet. As Tryntsje dan lang om let dochs noch komt, wurdt se ûnderdúmsk útkloarke, mei fan gefolgen in mâl beteard ein fan Gepke har jierdei-besite.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ANNEMA, Froukje |
Titel: | Prei en prostitúsje |
Skreaun yn: | 1981 |
Utjoen yn: | 1982 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 0 |