Provosearje
Fabrikant Hageman makket him lilk oer it jongfolk dat oanienwei de strjitte op giet en rûnom tsjin rebellearret. Syn frou fernijt him dat harren dochter dêr ek al oan mei docht. Hy nimt him foar om har dêr ris goed oer geweken te nimmen. Syn frou, bang dat de dochter dan de hoarnen wolris yn 'e wâl stekke kin of slimmer noch de doar útgean kin, wiist him der op dat hy eartiids sels ek tige opljeppen fan aard wie en dat hja dêr al genôch lijen mei hân hat yndertiid. Dan komt de dochter thús en sil it ferhaal begjinne. Underwilens is Hageman syn bedriuwslieder dêr ek foar in besprek en dy bringt yn it fermidden dat de dochter fan syn baas gauris by syn soan komt. Dat is him om it fanke wol nei 't sin, mar de jonge sit foar it eineksamen H.T.S. en kin de tiid eins net misse. Hy wurdt sadwaande och sa kjel as de dochter fertelt dat hja in advokaat skilje wol omdat de soan fan de bedriuwslieder oppakt is en fêsthâlden wurdt. Der is op in plysjeman sketten, dat sadwaande. Ta beslút geane frou Hageman en de dochter nei it plysjeburo om te besykjen de jongkeardel frij te krijen, byneed troch harsels oan te jaan, tewyl't Hageman syn leske leard hat en syn âld-freon, de bedriuwslieder mei de frou op 'e thee noeget om dan de saken fan harren bern te bepraten.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BOSKER, Jannes |
Titel: | Provosearje |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1980 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Knol, Jan |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |