Pyp, de mûs, kin it net!
In ferteller knoopt de sênes oan inoar fan dit bernestik "mei 5 mûzefamkes, 10 mûzejongens en ien poes"! Alle jierren hâlde de mûzen in kear de tsiisblokjesrace. Dat bart yn it wykein, want dan is de poes mei de minsken fuort. As de twa groepen keazen wurde, wurde Pyp en Foekje altyd it lêst útkeazen, omdat de iene altyd stroffelet en de oare fierstente stadich is. Dat bart ek dizze kear. As de oare mûzen yn harren holtsjes lizze te sliepen, komme Pyp en Foekje mekoar tsjin, mar ek de poes! As Pyp dat de oare deis fertelt, wurdt er net leauwt. Dan begjint de race. Mar Pyp en Foekje hawwe wat betocht. It slagget harren om de poes te fangen. No binne sy yn ien kear de winnaars fan de dei. En dus is der feest! PS Dit stik is spesjaal skreaun foar skoallen. Der binne trije varianten fan foar resp. de ûnderbouw (dit stik), de tuskenbouw en de boppebouw. Fansels kin it ek troch oare ploegen spile wurde. It tal spilers kin oanpast wurde.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BOER, Renske de |
Titel: | Pyp, de mûs, kin it net! |
Skreaun yn: | 1999 |
Utjoen yn: | 2002 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2002-05-21 |
Dekor: | mûzewrâld |
Omfang: | Net jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 10 |