Reisburo “Exodus”
By it reisburo "Exodus" (= 'úttocht') giet heel wat om: Parys, Switserlân, Itaalje, it Swarte Wâld, men hat it mar foar 't sizzen wêr't men hinne wol. De foarljochting en de 'service' falt ek neat oars as goeds fan te sizzen. Mar dat bringt mei dat de helpen fan it kantoar wolris wat ryklik folle oan 'e weet komme fan de persoanlike 'status' fan 'e klanten. En dat jout har wol ris in kâns op in romantysk aventoerke. Mar as twa klerken tagelyk op sa'n selde aventoerke gobberje en elkoar yn 'e tsjillen ride om it lêste plakje yn 'e reisbus neist ien en 't selde frommeske, dan kin it raar beteare, en foaral as der by eintsjebeslút noch in treddenien - de wiere Moazes - him oantsjinnet, dan.... ja dan...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JAASMA, F. |
Titel: | Reisburo "Exodus" |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 5 |