Rêstplak
In âlde man en syn frou ha boadskippen dien en nimme it koartste paad nei hûs. Dat rint oer it tsjerkhôf en dêr bliuwe se in skoftsje sitten te bekommen. Pratendewei komme se op har eigen libbensrin. It docht bliken dat de frou mear fan it libben ferwachte hie en sy ferwyt har man dat hy it sitte litten hat. Sy fergeliket him mei in Olivier, dy 't eartiids ek gading nei har makke. Hy leit dêr net fier fan harren ôf mei syn frou. As der warskôge wurdt dat de stekken fan it hôf sletten wurde sille, stappe se op. Thús sille se har te gast dwaan oan in sâlte hjerring en in sterk bakje tee, dat is foar Olivier net mear weilein......Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CAMPTON, David |
Titel: | Rêstplak |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Dykstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Resting place |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |