Russyske aaien
Jane, de frou fan George, is net sa tefreden mei har libben; materieel ûntbrekt it har oan neat en George is wiis genôch mei har, mar dochs.... Jane fynt it libben mar wat in sleur, der bart noaitris wat spannends. En dan dochs: op in jûn komt der in man oan 'e doar dy't stofsûgers ferkeapet - seit er -. Letter seit er dat er in Russyske prins is en Jane rekket alhiel ûnder de betsjoening fan syn moaie ferhalen: de sensaasje stiet libbensliif by har yn 'e keamer. Mar fansels hat ek dizze medalje twa kanten, want de prins blykt lid fan in ynbrekkersbinde te wêzen en as dan ek noch syn kompanen Olga, 'it reade gefaar' en Snitz, 'de ferskriklike' troch de doar komme, wurde Jane en George deabenaud. Mar dan.... wurdt George wekker, it wie in boaze dream en as Jane dan wer seit: "Hjir bart noait wat", seit George út 'e grûn fan syn hert: "Gelokkich net!" Dream en wurklikheid binne yn dizze ienakter keunstich trochinoar flochten.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JOHNSON, Philip |
Titel: | Russyske aaien |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Postma, Jeltsje |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-04-12 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |