Sa earlik as goud
“Jild makket net lokkich, mar it is noflik om te ha”, in bekende útspraak, dy’t benammen jildt foar Bram Guldenmond. Bram, begûn as glêzewasker, dy’t floitsjend en sjongend troch it libben sylde, is no direkteur fan in “echt” skjinmakbedriuw: “De Gouden Spûns BV”. Holpen troch syn fûleindige wyfke Brenda, syn wat sleauwe sweager Sjaak en dy syn rabbelskûte Sjaan, krije se de iene nei de oare tsjinslach. Oant se, samar, in dikke priis mei in bonus winne. Se binne út de niten! Mar dat KIN net, want noch Bram noch Brenda hat oait in lot hân fan dy lotterij. It jild is der dan wol, mar foar hoelang? Wannear wurdt it werom frege? Stipe troch Wendy, in relaasjebehearster fan Bram syn bank, en Hetty, in PR-meiwurkster en finansjeel adviseuze fan de “Telebelshow”, groeit de saak fan de iene op de oare dei as slaad. De swierrichheden rane fuort as snie foar de sinne. Mar binne se sterk genôch om de wielde oan te kinnen?? Brenda en ek Sjaan sitte der oer yn. Is dat terjochte? In moderne komeedzje, dy’t driget út te rinnen op in trageedzje en dy’t úteinlik in kluchtige draai kriget en mei in ”Ein goed, alles goed” as kostlik skouspul-mei-ynhâld, sûnder mis in grut tal opfierings belibje sil. In lot út ’e lotterij.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | OOSTERWEI, Hans |
Titel: | Sa earlik as goud |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2014 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Renia, Piter M |
Oarspr. Titel: | Goudeerlijk |
Ynfierdatum: | 2014-08-11 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |