Sa hat it sitten

Gerard kin it mei syn bedriuw net lyk hâlde. De skulden groeie him boppe de holle en hy sil minsken dien jaan moatte. De saak kin rêden wurde as er trout mei in goekunde mei gâns modder oan'e kloet. Sy wol graach, mar it liket Gerard wol fleanen. Yn'e famylje giet it ferhaal, dat syn ferstoarne pake yn of om it hûs in skat ferburgen hat. As dy skat fûn wurde soe, soe ús maat út'e niten wêze. It boarstbyld fan pake, dat in eareplak yn'e hûs hat, sil by eintsjebeslút de kaai wêze ta it finen fan de skat. En sa as it yn in goede klucht heart, jouwe oan'e ein fan it stik in pear spantsjes inoar it jawurd en komt alles yn kalk en semint.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CASPERS, Aad
Titel: Sa hat it sitten
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter: Vries, Willem de
Oarspr. Titel: Een schat van een buste
Ynfierdatum: 1998-05-28
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4