Sa mar even

Tema: Men docht wat om in breidskat te krijen. Rixt Regnery is as studinte keunstskiednis yn 'e kost by har nicht Hester Hibma, dy't in pension hâldt. Rixt stiet op trouwen mei Fokke Fridsma, mar der is in probleem. In muoike fan Rixt hat har by har trouwen in fikse breidskat tasein as de kar, dy't Rixt docht, har sinneget. No hat muoike, dy't hja tante neame en dy't yn Frankryk wennet, Fokke in kear troffen en dy hat doe in poerminne beurt by har makke. Alles is fierder goed, want Fokke is hast klear mei syn artse stúdzje, mar Rixt doart tante syn foto net te stjoeren, want dan is se bang de breidskat mis te rinnen. En dy hawwe se krekt sa nedich foar it keapjen fan in praktyk. Rixt is no sa dryst en stjoer tante in foto fan Dimer Dekker, in fotograaf fan in tydskrift, dy't it petret fan Hester kriget foar de reportaazje oer de partisanen fan Tito. Suver op it alderûngaadlikste stuit komt de Frânske muoike by harren oer de flier en alles komt op haren en snaren om tante begryp by te bringen. Dêrta wurdt der in komeedzje opfierd, dy't oan alle kanten út it roer rint. Dat tante hat fansels samar troch hoe 't it yninoar sit, mar spilet it spul oan 't lêst ta mei. Oan 'e ein soarget se wol dat it goede pearke de gouden earbellen en it gouden horloazje kriget, wylst Dimer it fansels iens wurdt mei Hester. Sadwaande twa lokkige pearen oan 'e ein.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JONKMAN, Geart
Titel: Sa mar even
Skreaun yn: 1981
Utjoen yn: 1982
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-02-01
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 2