Samar thús
Maggie Howard is in hiele rike frou om 't se in grutte erfenis krigen hat. Neffens har fertsjinnet har man Glenn mar in hiel lyts bytsje en hy kin syn baan wol opsizze. As Maggie in jûntsje fuort is, praat Glenn mei Sheila Wallis, in aktrise en in freondinne fan Maggie, Dan docht bliken dat Glenn en Sheila in ferhâlding ha en dat Glenn Maggie fermoardzje wol. Hy is har iennichste erfgenamt en sûnder har jild soe er net mei Sheila trouwe kinne. Sheila moat Glenn helpe oan in aliby. Sy moat de auto fan Maggie yn in sleat ride. Hy sil Maggie fermoardzje en yn in fiver goaie tichtby dy sleat. Se fabrisearje in tal bewizen en alles wurdt goed berekkene. Mar it rint doch efkes oars. It publyk is tsjûge fan in tal ferrassende scênes. 'Samar thús' is in echte thriller fan de Ingelske detectiveskriuwer Francis Durbridge.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DURBRIDGE, Francis |
Titel: | Samar thús |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2016 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Brouwer, Meintsje |
Oarspr. Titel: | Suddenly at home |
Ynfierdatum: | 2016-04-21 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |