Sear
It tema fan dizze koarte ienakter is: hoe ferwurkje âlden it ferlies fan in bern... It dramatyske fan dit stik bestiet út de emoasje dy't it praat fan de man en, foaral, fan de frou opropt. Sy wol alles wat oan harren jonge tinken docht oan kant dwaan, mar hy hat dat lykwols noch nedich om syn 'sear' te ferwurkjen. Tegearre prate se der wol oer, mar se hearre net echt nei elkoar, sadat it op spul útdraait... oant se wer frede slute. Se komme wer ta harren sels, mar it ferlies bliuwt, dêr sille se mei fierder libje moatte. Geskikt foar in ienakterfestival.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VEENBAAS, Jabik |
Titel: | Sear |
Skreaun yn: | 1996 |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-04-12 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |