Serenade foar Beits
Twa âldfeinten, dy't in ferversbedriuw hawwe, libje mei in húshâldster dy't harren tige ûnder de kwint hat. Hja hawwe in feint oannommen dy't se de kâns jaan wolle om de saak oer te nimmen. De nije feint deart it oan dat dy beide manlju sa stjoerd wurde en winliken gjin eigen libben hawwe. Hy slacht harren foar om har te helpen: hy wol besykje de húshâldster te feroarjen en slagget dat net, dan moat se har plak romje foar in oarenien. Mei har trijen sette se har foar it blok dat sy set foar in wike ôf. Underwilens makket de feint in advertinsje op foar in nije húshâldster, mei dêr by (sonder meiwitten fan 'e manlju) dat in houlik net útsluten is. Hja litte fan de gadinmakkers ien 'op besjen' komme en se switte it út fan benaudens. Wilens komt Beits werom, om't se ynsjoen hat dat se ferkeard hannele hat. Se seit ta dat se har ta deugd oanstelle sil tenei, mei yn 'e efterholle dat op 't minst ien fan 'e beide manlju trouplannen hat, oan 'e advertinsje te sjen. De iene broer fertinkt dan de oare derfan dat dy him bûten spul sette wol; hy is gau beret en wurdt it mei de âld-húshâldster iens. Dan komt de moard út: de feint syn wurk hat it west, mar it beteart allegearre goed: de twadde broer kriget de nije húshâldster en de feint slacht de beukerjuffer oan 'e heak.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VRIES, Pyt de |
Titel: | Serenade foar Beits |
Skreaun yn: | 1979 |
Utjoen yn: | 1980 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-02-10 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |