Simmerdepresje

De titel "Simmerdepresje" slacht net allinne op it minne waar, mar ek op de minsklike ferhâldingen dy 't yn it stik foarkomme. Willem en Hanny, eigeners fan it hotel "Au bord du lac" sitte mei it reinige waar sûnder gasten. Sy sjogge de takomst tsjuster yn en binne net botte fleurich en aardich tsjin elkoar. Hanny har mem, Wytske, wol skiede en strykt mei trije freondinnen del yn 't hotel om dêr in wike fakânsje te hâlden. Jansma, in oare gast, hat in benzinestasjon bestellen om 't er ek ris foar fol oansjoen wurde wol. Elk fan dizze minsken sit min of te mear yn in depresje. De help fan Willem en Hanny, Richtsje, soarget mei de trije freondinnen fan Wytske foar de nedige ferdivedaasje. Oan 'e ein fan it stik is de loft aardich opskjinne, mar it reint, reint, reint.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANNEMA, Froukje
Titel: Simmerdepresje
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1989
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor: Hotel
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 2