Skik ris wat op ju!

Freerk hat mei syn kompanjon Henk in útjouwerij yn berneboekjes. Freerk en Jo sille nei in diner foar útjouwers. Henk is in frouljusgek. Hy hat in ôfspraak makke mei juffrou Warnink en tinkt dat hy dan wol mei har terjochte kin yn it appartemint fan de famylje Vos. Linda hat Henk al in setsje troch en wol him in hak sette. Sy noeget Wouter út en wol mei him in noflike jûn ha yn itselde appartemint. Dan is Arend der noch, dy't wat mei Sylvia hat en ek gebrûk meitsje wol fan deselde romte. As Olijfje Smid op it toaniel komt, rint alles oars as elkenien graach wollen hie.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CHAPMAN, John en Ray Cooney
Titel: Skik ris wat op ju!
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2010
Te keap: ja
Oersetter: Dijkstra, Gerrit
Oarspr. Titel: Move over Mrs. Markham
Ynfierdatum: 2010-06-29
Dekor: appartemint & ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5