Skjin skip foar Foekje

Nei 't feedokter Damsma stoarn is, sil dochter Foekje de praktyk oernimme. Mar in frou as feedokter, dêr is ferset tsjin neffens twa boeren. It komt ta in hurde konfrontaasje, dêr 't de beide boeren de plysje yn behelje. Foekje seit it de minsken krekt sa 't se tinkt, dat giet har suster, dy 't wat heech oan wol, fierstente fier. Dy mient yn 'e fakânsje thúskomme te moatten om wer wat oarder op saken te stellen. Hjir trochhinne spilet Sipke, de húsfeint en túnman, in belangrike rol. De earste pasjinten is Foekje net sa fertúnlik mei, want dy geane dea. Ien dêrfan is it fûgeltsje fan Harm, in jonge man dy 't wat as in hearremyt libbet. Dy Harm is lykwols in skrandere jonge en hy en Foekje smite de lapen gear. Foekje's suster slacht ien fan de boeren oan 'e heak en de buorfrou wurdt it iens mei de oare tsjinstanner fan Foekje. Neat stiet no in bloeiende praktykûntjouwing mear yn 'e wei.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): VRIES, Jan W. de
Titel: Skjin skip foar Foekje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1989
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5