Skjin skip
Ien nacht ha se mei elkoar trochbrocht. De ekstraverte sjongeres Hannah en de wat ferlegene seeman John. No, fiifentweintich jier letter, moetsje se inoar wer. Yn deselde hotelkeamer as doe. It sil blike dat beide dy iene nacht ferskillend belibbe ha. John wie foar Hannah net mear as in foarbygonger dy't se op har libbensreis tsjinkaam. In man dy't se brûkte as it har útkaam yn de pear koarte moetings dy't plakfine nei dy iene nacht. John is Hannah lykwols noait ferjitten. Ek al is syn libben trochgien - ek sûnder har -, Hannah is altyd yn syn hert ferankere bleaun. Hoe sjogge beide op dy pear koarte moetings werom? In ferhaal oer wat ien koarte moeting foar in minske betsjutte kin. In jûn fol passy en langstme, fan oanlûken en ôfstjitten, mei ûnmacht en hertsear. Hoe dan ek, beide sille úteinlik skjin skip meitsje!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STEEGSTRA, Anja |
Titel: | Skjin skip |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2015 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2015-01-16 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 2 |