Skjin wetter
Under lieding fan in learaar binne in pear learlingen fan it fuortset ûnderwiis dwaande mei in projekt oer miljeufersmoaring. It wetter yn in grot yn'e omkriten fan in grutte fabryk sil ûndersocht wurde op suverens. Nora, ien fan de beide famkes, is o sa fanatyk, it giet de oaren hast te mâl. By it nimmen fan de meunsters rekket ien fan de jonges kopke ûnder. Hy wurdt siik en rekket wei. Dan is it spultsje ynienen bittere earnst wurden. Hat er ferkeard spul yn krige? En komt dat troch it ôffalwetter fan de fabryk, der't - tafallich - Nora har heit in hege posysje hat? Nora lit har net beynfloedzje troch persoanlike emoasjes en set troch.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JONES, Graham |
Titel: | Skjin wetter |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hoekstra, Gerrit |
Oarspr. Titel: | Do gooders |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 4 |