Skroei
It stik spilet him ôf yn de ytkeamer fan in âlderwetsk hûs yn Ingelân op in wykein yn july. Der is in soarte fan famylje-gearkomste yn it hûs fan in sike mem, dy't boppe leit en dy't wy net te sjen krije. Fan de famylje binne der Anny, dy't mem fersoarget en net troud is, Tom, in feedokter, dy't gauris by har oanrint en fierder komme der Anny har suster Ruth mei har man Norman en Anny har broer Reg mei syn frou Sarah. Elk fan dizze persoanen hat syn eigen problemen. Anny hat al jierren lang har mem fersoarge en wurdt ûngeduerich omdat hja ek wolris wat oars wol en foaral omdat hja ynwindich fan Tom hâldt, dy't him net uterje doart. Ruth en Norman harren houlik is tige steryl. Hja hawwe gjin bern en Ruth hat mear oandacht foar oare dingen as foar har man. Norman, dêr't wol wat slinger oan sit, hat it in kear mei Anny besocht, dy't dêr ien kear yn har oandrang oan tajûn hat, mar alles besiket om fierdere yntimiteiten mei him foar te kommen. Sarah besiket in binende figuer te wêzen yn de famyljerûnte en docht har bêst om elk op in goede manier oan 'e itenstafel te krijen. Troch allerhande tsjinstellingen en yndividuele problemen, mar benammen troch it hâlden en dragen fan Norman, slagget it Sarah net. Sadwaande rekket dy der ek alhiel mei oan. De hjirfòàr oantsjutte problemen wurde yn it stik nei inkelde hichtepunten dreaun.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | AYCKBOURN, Alan |
Titel: | Skroei |
Skreaun yn: | 1973 |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Dalstra, Janneke |
Oarspr. Titel: | Table manners |
Ynfierdatum: | 1999-01-15 |
Dekor: | ytkeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |