Snipperdei

Hindrik, dy 't sjauffeur is by de Frico, hat op in moarn gjin nocht om oan 't wurk te gean. Gryt, syn frou, prottelet wat op him om mar stekt dan dochs allinne ôf, ek nei har wurk by de Frico. Hindrik makket him klear op in noflike dei fan omstipjen yn eigen hûs, as der in tillefoantsje komt fan in skarreltsje út it ferline, dat delkomme wol en hja meitsje in ôfspraak foar dyselde middeis. Dan komt der in beropskollektant oan 'e doar, dy 't himsels der ynnoeget en dy't al mar frjemder wurdt yn syn hâlden en dragen. Buorfrou komt der ynfleanen om help te sykje tsjin har man, dy 't har slein hat. Hja besiket Hindrik op 'e lije side oan te kommen, mar leit it, yn stadichoan absurdistyske wurdscènes, yn de keuken, mei de kollektant oan. Middeis komt Hendrina, neffens ôfspraak. It is har jierdei en se wol dy jierdei mei âlde kunde wat ynhâld jaan. Al lient se in ryksdaalder fan Hindrik om in pear taartsjes te keapjen en al hinget Hinderik ûnderwilens slingers op, it slagget harren net om de eardere sfear fan it thúsbringen wer op te roppen. Mei ferwiten oer en wer geane hja út elkoar. De skriuwer hat alle koarte scènes út de chronologyske folchoarder helle en trochelkoar brûkt sa dat dêr in frjemde sfear fan út gean kin. It is lykwols ek mooglik om wòl de chronologyske folchoarder oan te hâlden.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SPOELSTRA, Oene
Titel: Snipperdei
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1988
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-18
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2