Snypsels
Afke wennet op har sels yn in flat yn 'e stêd en wurdt benearre troch it feit dat har post gauris fersnippere yn de brievebus leit, altyd deselde soarte keunstkaarten. Har freonen sille har helpe om de dieder oan it ljocht te bringen. Yn koarte flitsen kinne wy it ferrin fan dit proses folgje, fan it jierdeifeest lâns de doarren fan de flat, nei fabryk en sosjale tsjinst: oer strjitten, tsjerkhôf, terraske en resepsje nei in atelier, dêr 't, tige by tafal, it riedsel oplost wurdt. Underwilens makket men de lytse en gruttere soargen fan dizze ploech jonge minsken mei, dy 't by it krekt-folwoeksen-wêzen hearre. NB Skreaun yn gearwurking mei jongerein fan it Kritetoaniel Bûtepost, n.o.f. in kranteberjochtsje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GOINGA, Hylkje |
Titel: | Snypsels |
Skreaun yn: | 1988 |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | ferskate plakken |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 4 |