Spegelskrift – DIEL I
In jonge sjoernaliste hat in petear taret mei in skriuwer, dêr 't fan bekend is dat er foar sa 'n petear hast net te benaderjen is. Dy skriuwer hat trije kear troud west en alle trije froulju koene it net by him úthâlde. De reden dêrfan wurdt de sjoernaliste gewaar as se by him is. Hy docht oars neat as negatyf op har ynprate en dat yn alle soarten fan gemoedsstimmingen. Sy hâldt lykwols út dat er har andert jaan sil op inkele fragen, tasein is tasein. Hy hat dêr lang de gek mei, mar op 't lêst komt it hege wurd der út. Hy hat syn arbeidster, dy 't twa kear wyks by him komt, net foar 't wurk, mar omdat sy de iennige frou is dy't him stiet. Hy hat it petear mei de sjoernaliste tasein om 't er ferlet fan in frou hat om mei te hakketakjen, de arbeidster hat him nammentlik de tsjinst opsein.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | FRENKEL FRANK, Dimitri |
Titel: | Spegelskrift - DIEL I |
Skreaun yn: | 1980 |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Veen, Janny van der |
Oarspr. Titel: | Spiegels |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |