Spikers mei koppen

Swarte Fokje, har man Klaas en gleone Watse foarmje in binde, dy't in bankoerfal tariedt. Hja wolle yn dat ferbân oer de wenning beskikke kinne dy't flak foar de bank oer stiet. Mei liepens en geweld besykje se de bewenners fan dat hûs yn'e macht te krijen. Hâns en Janny jouwe lykwols gjin krimp. By in slaande rûzje tusken Janny en swarte Fokje, dy't har Mariëtte neame lit, mient Janny dat se Mariëtte fermoarde hat. Mei help fan in freondinne besiket se foar de deade frou in hinnekommen te finen. De deade is har lykwols te fluch ôf en sa keare de kânsen. It liket der op dat de binde de bewenners foar koarte tiid útskeakelje sil. Dat duorret net lang, want nimmen hie rekken hâlden mei buorfrou Pytsje, dy't och sa nijsgjirrich is. Dy sjocht yn dizze saak in oerienkomst mei wat har tsien jier lyn oerkommen is en as stille plysje slagget it har de binde te ûntmaskerjen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WAL, Hette van der
Titel: Spikers mei koppen
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1993
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3