Sportman fan it jier

"Neef" en "Nicht" binne man en wiif, dy't útsjogge nei it erfskip fan de net troude omke fan Nicht. Omke is in bûtenman, ferwoest aisiker, fisker, jager en reedrider. De 4 tafrielen spylje yn 'e seizoenen. Nicht, dy't skytskjin is, kin it mar min ferneare, dat Omke der sa mar ynstrûzen komt op smoarge learzens of klompen mei de polsstok, it fiskers- of jagersark yn 'e hannen. Al mei al is Omke net sa botte wolkom, mar oan 'e oare kant moat er wol yn eare hâlden wurde! Dit lêste fral as er nei de notaris sil te testemintsjen. Mar sjochdêr: Yn 'e winter komt Omke behongen mei fierrekiker, smytangel, wynbuks en noardske redens yn in kreas pak en mei in hoed op klúnjendewei op Fryske "houtsjes" deryn stroffeljen mei in frommes by him, dy't er in "lift" jûn hie op syn fyts en dêr't er it doe fuortdaliks mar mei iens wurden wie en wat letter har in auto kocht hie, om't hja in rydbewiis hie. Fan testemintsjen komt no neat mear, want: "Wy ha gjin kwartsje mear!" Is dit al in wûnder, nei it foarôfgeande is 't suver in grut wûnder, dat Neef en Nicht suver wat oandien binne troch dizze lette jonge leafde en út de grûn fan harren hert it "jonge pear" in goede takomst tawinskje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): MEULEN, Jelle van der
Titel: Sportman fan it jier
Skreaun yn: 1984
Utjoen yn: 1985
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-11
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2