Spul om ‘e baas

Tema: in bolderbast, dy't elk om 'e finger wynt, oant.... It stik spilet yn in húshâlding fan man, frou en dochter, dêr't se der ek noch in húsfeint op nei hâlde. De man is de baas, better sein de tiran yn 'e hûs: elk is like benaud fan him. Dochter Maaike hat lykwols in feint, Jan, en dy wol graach mei har trouwe. Fierder is der noch in bankdirekteur, dy't ek gading makket nei de dochter. As Jan him op in dei moed yn dronken hat om de baas te freegjen oft er mei Maaike trouwe mei, dan fynt er de bankdirekteur as konkurrint op syn paad. Mei dy konkurrint wit de baas wol ôf te weven, mar dat slagget him mei Jan net, krektoarsom: Jan kriget de baas alhiel yn 'e macht en it slagget him op it lêst de baas yn in kast op te sluten dêr't er him net earder wer útlit as dat er syn jawurd jûn hat mei de romte fan tasizzingen dêr omhinne. Hindrik, de húsfeint, spilet it hiele stik troch de wat ûnnoazele húsfeint, dy't ivich en altyd elkenien gelyk jout en nei de mûle praat.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOMANS, Godfried
Titel: Spul om 'e baas
Skreaun yn: 195?
Utjoen yn: 199?
Te keap: 0
Oersetter: Geartsma, Jante
Oarspr. Titel: De huistyran
Ynfierdatum: 1999-02-10
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 4