Spul om neat

Tamme Veenstra, in túnker, hat syn frou ferlern en rêdt him no mei in húshâldster, dêr't er net mei oer de wei kin. Syn soan Abe is mei spul ta de doar út rekke omdat er troude mei in stedsfrommes dy't Tamme net sjen woe. Nynke, syn dochter, wennet yn 'e hûs en hat stikem ferkearing mei Jelmer, de túnkersfeint fan har heit. De jongelju binne bang dat heit ek op harren omgong tsjin is. As Tamme útlit dat er wol in oare húshâldster ha wol, dan biedt omke Halbe oan om ris om him hinne te sjen. Dy kriget it dan foarelkoar dat soan Abe syn frou Lys by him komt en dat foldocht wakkere skoan, want neist de húshâlding docht se ek de hiele boekhâlding foar Tamme. Dy wol dan hawwe dat Abe - dy't yntiid syn wyfke efternei reizge is - mar skiede sil en dan mei dizze jonge húshâldster trouwe. Hawar, elk hat no wol yn 'e rekken dat as de moard útkomt, heit bliid is dat it Abe syn frou al wie. Hy wol dan fan de saak in firma meitsje en dêr Abe en Jelmer yn opnimme. Dan doarre Nynke en Jelmer ek mei harren geheim foar 't ljocht komme en is in 'happy end' it beslút fan it stik.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ZWART, Jelle
Titel: Spul om neat
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1984
Te keap: 0
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4