Spultsjes

Eabe en Anneke (spantsje) en Gryt sitte harren yn in kafee te ferfelen. Eabe tysket wakker mei syn sigarette-oanstekker om, de froulju jeuzelje mar wat. Dan stelt Anneke foar om in spultsje te dwaan: riede wat de man, dy't oan 'e bar sit, docht, oft er troud is, hoefolle oft er fertsjinnet en al soksoarte fragen mear. It rint wat út 'e hân en de man fernimt dat hy, sûnder der yn kend te wêzen, yn harren spultsje behelle wurdt. Op in stuit seit er dat hy mei harren ek wol in spultsje dwaan wol. In frjemd spultsje: gokke om 'e trouring fan Eabe en noch slimmer: om Eabe syn pinke! Hy set dêr f. 1.000,00 èn syn nije auto foar oer... Anneke wurdt bang en ek Gryt stiet it net; dy set ôf. Mar Eabe wol net lyts man wêze en giet it aventoer oan, dat - krekt op 'e tiid - troch tuskenkomst fan de man syn oare helte, noch goed beteart. Sy is it libbene bewiis fan wêr't ferslaving ta liede kin!...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): NAUTA, Dooitze
Titel: Spultsjes
Skreaun yn: 1996
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-04-10
Dekor: yn in kafee
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2