
Stien
De titel ‘Stien’ is koart, mar hat in dûbele betsjutting. Yn ’t foarste plak is it de grutte stien, midden op it toaniel, dy’t in wichtige rol spilet. ‘Stien’ hat lykwols ek te meitsjen mei in noch al elitêre aksjegroep, dy’t alle war docht om de doarpsbewenners derfan te oertsjûgjen, dat se harren tunen beplantsje moatte en net fol lizze moatte mei stiennen en tegels. Nei de aksjegroep wurdt kritysk sjoen. De leden binne al wat âlder en wolle graach fan harren hearre litte. In jonge lânskipsarsjitekte krijt fan de aksjegroep de opdracht om fan it stikje grûn dêr’t de grutte stien leit in soarte fan foarbyldtún te meitsjen, dy’t ek brûkt wurde kin foar allerhande aktiviteiten. Har assistinte is in jong famke dat siket nei har woartels. It is de troch de drank oan leger wâl rekke learaar Latyn dy’t har op it spoar fan har biologyske heit bringt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BIJSTERVELD, Sieger |
Titel: | Stien |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2022 |
Te keap: | nee |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2022-12-07 |
Dekor: | in plein |
Omfang: | jûnfoljend 80 siden |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 5 |

