Stjerrende wier

Notaris Jelmer Brúnsma hat in 20 jier jongere frou troud. Op in moarntiid komt Bonne, de túnfeint, mei in wat nuver ferhaal by him: hy hie de moarns betiid sjoen, dat Nico, de assistint-suveldirekteur, mei de frou fan de notaris yn it simmerhúske ferkeard hie. Hy hie beharke, dat it it doel wie en doch yn it tredde bakje kofje fan notaris inkelde drippen, wêrnei 't it gau mei him dien wêze soe. Justjes letter komt de frou, Paula, mei de kofje en fertelt, dat hja der de moarns betiid ôf west hat, omdat hja net sliepe koe. Hja mjit it tige út hoe moai as it moarns betiid yn 'e bosk wol net is. Dat ferhaal giet troch ûnder it kofjebringen, mar notaris smyt it tredde bakje yn in blompot. Underwylst is er slim mei it probleem dwaande. Hy smyt it op 't lêst op de fuotprinten, dy't Bonne by it simmerhúske fûn hie en dat der net allinne dy fan har leine, mar ek dy fan in man. "Hy sil syn eigen fuotprinten bedoele" seit hja dêrop. It feit hat notaris sa njonkenlytsen sa yn 'e besnijing, dat hy spilet as wied er net wiis. Dan hellet er in revolver út it laad en it liket as sil er himsels te koart dwaan. Wylst Bonne mei 5 mollen opkomt, giet notaris mei de revolver, dêr't Paula al earder de patroanen úthelle hie, fan it toaniel. As hja dat tsjin Bonne seit en hja harren dêr beide slop om laitsje, falt it doek.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LEISTRA, Libbe
Titel: Stjerrende wier
Skreaun yn: 1985
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-12
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2