Straf
It ferhaal spilet him ôf yn in fersoargingshûs op'e keamer fan Anton. Anton hat nei syn ferhúzjen gjin wurd mear sein en hat him del jûn yn syn rolstoel. Sa no en dan komt de dochter fan Anton op besite. Se hâldt fan him, mar syn swijsumens en ûnwil om syn hûs te ferkeapjen, spilet har parten. Suster Carla en Sylvia fersoargje him, mar de taak wurdt te swier; der moat ien by komme. Dizze help wurdt Bert, dy't in taakstraf hat. Bert wurdt folge troch syn reklassearringsamtner. Bert is feroardiele omdat er ien oanriden hat, krekt dêr foar hie der in bankoerfal west in pear strjitten fierder. De dieders binne pakt, mar de bút is net werom fûn en Bert wie de sjauffeur. Bert liket in soarchsume fersoarger te wêzen. Ut skuldgefoel? Binne der oare motiven dy't in rol spylje? En wa is Wendy? In moai plot, in protte humor en út en troch wat oandwaanlike mominten.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DAVIDS, Ton |
Titel: | Straf |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2007 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Zee, Tryntsje van der |
Oarspr. Titel: | Straf |
Ynfierdatum: | 2007-10-31 |
Dekor: | ien, fersoargingshûs |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 8 |