Stunt
"Stunt" wie eartiids de namme fan in ploech learlingen fan in middelbere skoalle, dat mei in learares op Himelfeartsdei in stunt plichte út te heljen. No hawwe de fjouwer in útnoeging krige om op Himelfeartsdei te kommen yn in âld boatehûs oan'e mar, dêr't se earder ek gauris tahâlden. Ek de learares komt opdaagjen. Sy, Moerman, wie op skoalle net mear te hanthavenjen en docht no literêr wurk. Hindrik Jan siet yn'e horeka mar waard troch syn klasgenoat, oannimmer Bouwe, bedondere en moast mei syn bedriuw ophâlde, hy is no dichter. Moerman moat neat fan syn wurk ha. Anita is wethâlder fan Burgumerdaam en hat sa ek wol mei Bouwe te krijen. Yn harren petearen is te merken dat se in plan bekokstove om op dit plak oan'e mar in grut rekreaasje-oarde te stiftsjen. Fierder is der noch Binse, dy't as útjouwer in bulte fertsjinne hat mei in bepaald soarte fan boekjes, mar dy't no allinne noch mar nei fiskjen taalt. Hy set mei Moerman har boat de mar op om in mieltsje te fangen. Dan komt Wyts noch, dy't eartiids altyd neaken swom, mar no in mem mei fjouwer bern is. Hindrik Jan sil ek besykje te fiskjen, mar kriget Bouwe oan'e heak, de wûne begjint raar op te spyljen en de oannimmer wurdt koartsich. Se jouwe harren foar de nacht del. De oare deis komt der in jongfaam, Bontsje, dy't in reportaazje meitsje wol foar in skoalkrante. Se is tige op'e hichte mei allerhanne feiten en soks smakket elts net; Binse komt ek wer opdûken, mei syn mieltsje: rikke iel! Stadich komt ek oan it ljocht wat Bouwe syn plannen binne, hy hat al in bulldoazer mei in keet klear stean, mar Moerman wurdt wyld en rydt it spul de mar yn. By eintsjebeslút blykt Binse alles opset te hawwen om Bouwe syn plannen foar te kommen en de rêst en de natoer te sparjen. Bontsje is syn frou.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BREMER, Aris |
Titel: | Stunt |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1994 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |