Swart hout en goudene bizen

Jabik Kupers is A.O.W.-er wurden en fiert hjoed syn 65e jierdei. Se hawwe ien soan, dy't troud is mei in frou dy't it heech yn 'e holle hat. Der binne trije pake- en beppe-sizzers fan 18 oant 26 jier. It wurdt foar Kupers en 'e frou net in moaie jierdei. Bern en bernsbern komme de moarns al eefkes, mar de skoandochter wol dy moarntiid ek noch nei inkelden fan har kunde ta, dat sadwaande. Se hat lykwols dochs noch in 'verrassing': se hat, seit se, ôfgryslik har bêst dien om foar de âldelju - want dat binne se neffens har no echt - in plakje te krijen yn it nije âldereinhûs. Efternei docht bliken dat se it hûs fan har skoanâlden brûke wol foar in boetykje fan ien fan har dochters. Fan de bernsbern is der ien, dy't wol wat mei pake en beppe op hat; dy kin it dan thús ek net mear hurde. Heit en mem altyd fuort en as se elkoar al sjogge dan hawwe se spul. Skoandochter set troch en stjoert in amtner fan Soasjale Saken nei de noch flinke âldsjes ta om de oergong nei it rêsthûs mei harren te regeljen. It komyske fan it stik sit him foar in grut part yn de misferstannen dy't dêrút ûntsteane. De sawat 10 jier âldere buorlju spylje dêr in wichtige rol yn. As it op it slimst liket, draait it mei soan en skoandochter by einsluten doch wer wat by en kinne Kupers en 'e frou mar profitearje fan harren A.O.W.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEMMINK-KAMP, J.
Titel: Swart hout en goudene bizen
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Knol, Jan
Oarspr. Titel: Het eindpunt
Ynfierdatum: 1999-02-10
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5