Swart is sa tryst

'Swart is sa tryst' fertelt it ferhaal fan trije suskes, dy't byinoar komme nei it ferstjerren fan harren mem. Der moat noch it ien en oar regele wurde, mar de belutsenheid tusken de trije is fier te sykjen. Alles wat de iene regele hat of regelje wol, is op foarhân al ferkeard. Dêrnjonken ha se alle trije har eigen byld fan oantinkens en gedachten. We sjogge de trije suskes wankeljen op de púnheapen fan har eigen libbens. "Swart is sa tryst" is in stik mei in protte humor, wêryn de trije froulju, dy't oan inoar weage binne, net fan doel binne om ek mar ien stap oan 'e kant te dwaan foar de oar.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LELYVELD, Mieke
Titel: Swart is sa tryst
Skreaun yn: 2014
Utjoen yn: 2015
Te keap: 1
Oersetter: Steegstra, Anja
Oarspr. Titel: Zwart is zo somber
Ynfierdatum: 2015-03-17
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 0