Sykje om suske
´Sykje om suske´ is in famyljefoarstelling foar jong en âld, mei in protte humor en fantasy, wêryn’t dream en wurklikheid inoar ôfwikselje. It lit de syktocht sjen fan in jong famke nei it bestean fan in ûnbekend suske. Dêrfoar moat se it geheimsinnige ferline fan har heit útplúzje. De sjaal fan beppe wiist har it paad. By de eigenwize tantes Ditsje en Datsje is it wol gesellich, mar as it om de minnares fan har heit giet sitte se Suske mear dwers as dat se har helpe. Likegoed komt se de mysterieuze Madame Conivera op it spoar, dy’t – dêr is Suske fan oertsjûge – Suskes suske gefangen hâldt. It liket as sil de ynferkearde, mar djip fertrietige húsbaas, de hear Sûnderfrou, de boel yn de bulten jeie, mar gelokkich komt der help út in ûnferwachtse hoeke. Alles rint goed ôf, mar wol hiel oars as Suske tocht hie. Suske do bist myn suske giet oer it langstme nei in lotsgenoat, nei selsstannichheid, mar ek oer de winsk om te ûntsnappen oan de deistige wurklikheid.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRANS, Hans |
Titel: | Sykje om suske |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2006 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Hoekstra, Lolkje |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2007-03-08 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 2 |