Taksy nei in nij begjin
Sibe Bosma is drok oan it ynpakken. Hy sil fuort, want hy wol in nij begjin meitsje. Harren grutte bern binne de doar út, dat sadwaande. De taksy dy't er besteld hat stiet foar de doar, mar hy is noch net alhiel klear. As syn frou in telefoantsje kriget en hy heart, dat dy in ôfspraak makket mei in ûnbekendenien, dan wurdt er oergeunstich en seit, dat er alhiel net fuort woe, mar dat er mei har in nij begjin meitsje woe. Dan seit syn frou, dat hja dat wol wol en dat it telefoantsje fan harren dochter wie, dy't it boadskip die, dat hja pake en beppe wurde soene. Dan geane hja tegearre yn de taksy nei harren dochter.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KLIJNSTRA, Roel |
Titel: | Taksy nei in nij begjin |
Skreaun yn: | 1983 |
Utjoen yn: | 1984 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-12 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 2 |