Terreur

Yn in lân mei in totalitair bewâkd wennet Immanuel, in kranteskriuwer, mei syn frou Maria. By harren thús komme no en dan temûk twa freonen, in advokaat en in akteur, om te kaartspyljen: it iennige dêr't se de geast noch wat linich mei hâlde kinne. As se wer ris byelkoar binne, fynt Maria yn 'e gong ûnder de kapstok in pinning fan de geheime plysje. Op dat stuit wit elk dy't dêr is, dat der ûnder harren in ferrieder is. It wurdt in benearjende sitewaasje. Op it lêst reitsje de freonen de doar út en docht it bliken dat de man en de frou elkoar ek net fertrouwe. Foaral omdat de man seit dat er perfoarst de doar noch út moat, let op 'e jûn. En tewyl't er der út is, wurdt der oanskille en freget in frjemde man oan Maria him it ding te jaan dat dêr troch in oarenien fergetten is. Se jout him de pinning mei. Se bliuwt oan 'e ein sitten mei de frage wa 't ûnder de lju dy't by harren thús west hawwe, har man ynbegrepen, de ferrieder is.... Se komt der net út en bliuwt brutsen achter.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): GEULAARS, Jan
Titel: Terreur
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1978
Te keap: 1
Oersetter: Frieswijk, Auke
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 4