Toe ju, doch ris wat!
Alan Baker, 33 jier, bewennet in frijgeselleflat en dwarrelet as in flinter fan blom ta blom. Dan is it Peggy, in oare kear Conny. Hy is by syn heit yn 'e saak, mar syn aktiviteiten hâlde fansels net oer. Tusken de ôfspraken yn komt op in stuit syn broer Buddy by him mei it boadskip dat hy ek fan hûs fuortrûn is, al hoe'n ferlegene jonge as er oars ek wie. Hja wurde it tegearre iens om dan mar byinoar yn te wenjen. Sadwaande wurdt Buddy troch Alan oplaat yn it fak oangeande de froulju en it docht bliken dat er in flugge learling is, want trije wike letter is er al like warber as dat Alan earder wie. Mar Alan sit de lêste tiid te prakkesearjen en wat mei dat betsjutte? Hawar, nei allerhande trammelant dêre op it flat troch de komst fan heit en fan mem, docht bliken dat Alan just op it goede paad is, de saken fiks oanpakt en Conny freget om mei him te trouwen. Hoe't it fierder mei Buddy giet, fertelt de skiednis net, mar omdat dy syn âldere broer al earder folge yn dwaan en litten, mei men oannimme dat dy ek wol wer op it goede spoar telâne komt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SIMON, Neil |
Titel: | Toe ju, doch ris wat! |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1984 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Tuinman, Anne |
Oarspr. Titel: | Come blow your horn |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |