Toe mar Wolter

Wolter Santema hat ta dokter leard en yn syn jonge jierren fan in fanke hâlden, dat er nea freegje doarst. Doe't hja net langer wachtsje woe, is hja troud mei in oar en krige twa bern: in jonge en in famke. Neidat syn earste leafde en har man by in ûngemak omkommen binne, hat hy de beide bern by him yn 'e hûs nommen om harren grut te bringen. Ine is no 25 jier en helpt him yn 'e apteek en Jelmer studearret en is 23. Ine is in tige kreas frommeske en Sander Duersma, in sjirurch, freget har, syn frou te wurden. Wolter, dy't nea oanstriid wer hân hat om te trouwen, kriget de rie hjir om 'e bern dochs mar ris oer nei te tinken. Sadwaande lit er it yn him omgean om mei syn buorfrou yn see te gean. As der mei Jelmer swierrichheden komme op finansjeel mêd en Wolter net helpe kin, freget Jelmer earst Sander en dan de niisneamde buorfrou om him út de niten te helpen. As by syn jildsjitter syn skuld anonym betelle wurdt, wol er Sander foar syn help betankje. As dy fan neat wit, komt er mei syn betankje by de buorfrou, mar ek dy hat it net dien, docht bliken. De wize dêr't Sander en de buorfrou op reagearje, makket it foar Ine en Wolter dúdlik dat dyselden net de man en de frou binne, dy't hja sykje. It jild is oansuvere troch immen, dêr't hja it alhiel net fan ferwachtsje koene. Jelmer seit ta dat er him fierder ta deugd oanstelle sil en Ine komt ta it ynsjoch dat hja net allinne fan Wolter hâldt as fan in pleechheit. Omdat Wolter har wol net freegje sil, doch hja it him mar.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PROOIJEN-VAN BOGAERDS, P.L.
Titel: Toe mar Wolter
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter: Hof, Alle G.
Oarspr. Titel: Deining om de dorpsdokter
Ynfierdatum: 1999-01-15
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6