Trammelant om de herberch
Pake Klaversma hat in âld herberch, dêr't de gong frijwat út is. Hy wol it spul no mei help fan Tys, in wurkleaze boufakker, opknappe om de saak dan oer te dwaan oan in jongere generaasje. Njonken de herberch driuwt Janna Klompmakker in pension. Pake en Janna kinne wakker mei elkoar, al sitte hja mekoar oanienwei yn 't hier. Pake soe graach sjen as Tys mei Joke, syn pakesizzer, gean soe, mar dat wol net al te bêst slagje. Om it spul wat oan te moedigjen hellet pake in fyt út, mar dy liket earslings te wurkjen. Tusken de bedriuwen troch spilet der in kwestje fan in muntefynst. Op it lân dêr flak by wurdt in doaze mei âlde munten fûn. Letter docht bliken, dat de jonge frou, dy't sa graach by pake útfanhûzje wol, immen fan de plysje is, dy't efter de dieven oan sit. Hja wit mei help fan Sierd, de soan fan Janna, op it lêst ien fan de dieders te pakken te krijen. Sierd en Cecyl en ek Tys en Joke wurde - hoe riede jim it sa - oan 'e ein twa pearkes.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MARK, Anne van der |
Titel: | Trammelant om de herberch |
Skreaun yn: | 1985 |
Utjoen yn: | 1986 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-15 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 6 |